Oplichtster (23) oppakt

10 des 2009 - 11:08

Yn Rotterdam is fan 'e wike in frou (23) oanhâlden dy't sûnt april hast 19.000 euro stellen hat fan in bewenner (66) fan in ferpleechhûs yn Snits. De frou hie de pinpas fan 'e man stellen en dêr jild mei opnaam. Se wist moannenlang út hannen fan de plysje te bliuwen, oant personiel fan 'e Rabobank yn Snits har hanneljen ûntduts en de plysje belle.

De plysje ûntduts dat de frou ek sa'n hûndert minsken oplichte hat op Marktplaats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)