Oplichtingsfertochten oppakt

31 maaie 2006 - 13:29

De plysje hopet mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters in grut tal saken fan oplichterij oplosse te kinnen. Yntusken binne der acht oanjeftes by de plysje binnenkaam mei in totaalbedrach fan 60.000 euro.

De fertochten ha har begjin dit jier ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel as karavan-ûnderhâldsbedriuw en in klussebedriuw. Fan dat momint ôf is der by in grut tal Ljouwerter bedriuwen guod besteld mar net betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)