Oplichting en fernieling

19 maaie 2007 - 15:34

De plysje hat freed in 26-jierrige Ljouwerter oanholden dy't besocht op de Weaze neimakke tillefoans te ferkeapjen. Op it plysjeburo waard ek dúdlik dat de man noch tritich dagen selstraf útsitte moast.

Op 'e Jouwer hat de plysje sneon in Jouster (26) oanholden. De man skopte yn de Tsjerkestrjitte oant twa kear ta tsjin parkearde auto's oan. Plysjes seagen dat. De fertochte fersette him by syn oanhâlding en is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)