Oplichters út Drachten oppakt

06 apr 2006 - 06:12

Twa Drachtsters wurde derfan fertocht tsientallen bedriuwen oplichte te hawwen. De mannen fan 28 en 33 jier bestelden motoren, telefoans, boaten, oanhingers en oar guod by ûndernimmingen. Se lieten dat ôfleverje by in gebouw op yndustryterrein De Haven yn Drachten. Se betellen it guod lykwols net.

Sa ha de beide fertochten 30 bedriuwen foar mear as 70.000 euro oplichte. Se binne woansdeitemoarn oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)