Oplichters freegje ynlochkoade

29 des 2009 - 10:30

Op syn minst ien Fries is tûzenen euro's kwytrekke, omdat er oplichters fia ynternet tagong jûn hie ta syn bankrekken. Dieven besykje neffens de plysje de lêste tiid hieltyd faker om fia email ynlochkoades te achterheljen foar ynternetbankieren.

Yn de mail ferwize se nei dubieuze ynternetsites dêr't besocht wurdt de klantgegevens te achterheljen. Ien Fries is sa in soad jild kwytrekke. De measte minsken smite de mails lykwols fuort en sa heart it neffens de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)