Oplichters fan 75 saken oppakt

13 nov 2008 - 10:28

Mei de oanhâlding fan in 44-jierrige frou en in 53-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, hat de plysje 75 oplichtingssaken oplost. De fertochten waarden socht foar oplichterij. Sa sliepten se yn hoarekasaken sûnder te beteljen. Ek lienden se jild fan minsken sûnder dat werom te beteljen.

De beide fertochten soene har fierder skuldich makke ha oan stellerij en it fertsjusteremoanjen fan jild. De twa binne al yn augustus oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)