Oplichters aktyf yn Fryslân

03 mrt 2009 - 10:08

De plysje warskôget derfoar dat der oplichters aktyf binne yn Fryslân. Sy binne foaral warber by ferbliuws- en kampearakkommodaasjes by pleatsen. In kempingeigner makke dêr melding fan by de plysje.

De gasten diene har foar as wurknimmers fan in Ingelsk bedriuw en woene it fertrouwen winne mei in ferhaal oer sike famylje en hege sikehûskosten. Se soene in sjek opstjoere fan inkele tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)