Oplichters aktyf yn Fryslân

25 nov 2004 - 15:03

Op meardere plakken yn Fryslân binne op it stuit oplichters aktyf. In frou fan 82 yn de Achlumerstrjitte yn Ljouwert krige in man oan de doar dy't him foardie as meiwurker fan Essent. De man woe 500 euro ha foar it meitsjen fan in gaslek. De frou wegere te beteljen.

Yn de omkriten fan de Skrâns yn Ljouwert ha twa manlju besocht âldere minsken wetterpompen te ferkeapjen. Ien fan de âlderen mist sûnt de besite fan de manlju 500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)