Oplichter yn hotel Ljouwert

03 jan 2006 - 16:43

Yn in hotel yn Ljouwert is dit wykein in oplichter oanhâlden. Hy hie de plysje earder wiis makke dat hy út Austraalje kaam en dat hy bestellen wie fan syn tassen mei weardefolle saken.

De eigner fan it hotel fertroude de saak net doe't betizing ûntstie oer de bertedatum fan de man. Letter die bliken dat de oplichter al 14 jier yn Nederlân wennet. Hy sit no yn de sel. Hy moat ek noch 80 dagen útsitte foar in oar gefal fan oplichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)