Oplichter wol mei ferlof

24 feb 2010 - 17:16
  • Lootsma is it slachtoffer fan de oplichter

Der is in soad ûnrêst ûntstien oer in ferloffersyk fan in feroardielde oplichter. De man út Drachten hat minsken en in bank oplicht foar ien miljoen euro. Hy is feroardield ta fjouwer jier sel en sit no goed in jier fêst. De slachtoffers binne poer dat dizze man om ferlof frege hat.

Hedzer Lootsma fan Drachten is hast in ton kwytrekke troch de oplichter. Mocht er ferlof krije, wol er nei famylje yn Drachten. Dat fine de slachtoffers net noflik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)