Oplichter wer de fout yn

06 apr 2008 - 13:03

In man út It Hearrenfean is sneon opnij oanhâlden foar oplichting. Hy hie yn Snits foar twa dagen in hotel reservearre oan 'e Graaf Adolfstrjitte. Hy kaam freedtejûn let oan, dus koe er net betelje. De oare deis die bliken dat er gjin jild hie. Hy hie al foar 180 euro oan kosten makke.

De hotelmeiwurker warskôge de plysje. It die bliken dat de man al fjouwer kear earder trapearre wie op oplichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)