Oplichter warber yn Snits

24 mrt 2004 - 00:00

De plysje yn Snits warskôget foar in oplichter dy't by minsken oan de doar komt en him foarstelt as meiwurker fan in enerzjybedriuw. Moandeitemoarn kaam de man by in 79-jierrige frou oan de doar om de gaslieding te besjen.

De man frege de frou om jild foar in reparaasje dy't er útfierd hie. De frou fertroude de saak net en belle de plysje. De man wie al útnaaid foar't de plysje kaam. Der wurde tsjûgen socht. Dy kinne belje op nûmer 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)