Oplichter warber op De Gordyk

17 jan 2010 - 13:56

In ûnbekende man hat ferline wike besocht in tal âldere minsken op te lichten op De Gordyk. De man sei dat er wurke foar in sinneskerm- en stoffearingsbedriuw en besocht mei in ferlechje de wenten yn te kommen. Om't de minsken de saak net fertrouden bellen se de plysje. Dy hat yn it doarp noch socht nei de man mar koe him net mear fine.

De plysje tinkt dat de oplichter sa wer taslaan kin en freget minsken wach te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)