Oplichter út Sur'fean oppakt

03 feb 2010 - 09:42

In 41-jierrige Surhústerfeanster is moandei onhâlden foar grutskalige oplichting. Hy hat by mear as 30 bedriuwen boumateriaal, ark en sels in shovel stellen. Dy hie er yn Vlissingen hierd en net werom brocht. De man besocht de shovel mei in wearde fan 30.000 euro troch te ferkeapjen.

Ek bestelde de Feanster struisâlt sûnder derfoar te beteljen. Der is troch meardere slachtoffers oanjefte dien, mar de plysje tinkt dat de man noch mear bedriuwen beneidiele hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)