Oplichter pakt yn Wolvegea

15 jan 2013 - 14:05
  • Oanhâlden

Mei de oanhâlding fan in 24-jierrige man út Stadskanaal tinkt de plysje Noard-Nederlân in 90 gefallen fan oplichting oplost te hawwen. De fertochte waard ferline wike oppakt yn in wenning yn Wolvegea. Hy soe in soad minsken oplichte hawwe fia internet.

Op in website sette er wytguod en oare elektryske apparatuer te keap tsjin folle legere prizen as yn de winkels. In soad minsken diene in bestelling en makken it jild oer op de rekken fan de fertochte. Doe't se gjin guod krigen, diene se oanjefte fan oplichting.

Yn de wente yn Wolvegea trof de plysje allegearre lúkse artikels oan. De plysje hat al it guod yn beslach naam. Twa auto's waarden ek meinaam. De fertochte is ôfrûne freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy besliste dat er langer fêstsitten bliuwe moat. In 25-jierrige maat fan de man waard moandei oppakt. Hy mocht nei ferhear wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)