Oplichter oppakt

04 des 2002 - 00:00

Mei de oanhâlding fan in 21-jierrige Westereinder is in tal saken fan oplichting oplost. De man kocht kompjûters en mobile telefoans út namme fan in net besteand bedriuw. It guod ferkocht er op de swarte merk.

Ek bestelde er nije auto's en frege oft er in djoere hierauto krije koe oant de nije wein beskikber wie. Nei't er dy werombrocht hie, liet er neat mear fan him hearre. De fertochte hat tolve saken bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)