Oplichter op It Hearrenfean

09 sep 2011 - 15:15

De plysje hat ien oanjefte en ferskate meldings krige fan oplichting troch in man (24) út It Hearrenfean. Hy soe by winkels en bedriuwen guod besteld hawwe sûnder te beteljen. De skea rint yn de tsientûzenen euro's.

De man liet de slachtoffers mei sabeare betelopdrachten oan de Friesland Bank witte dat er de rekkens betelle hie. Mar de bank krige hielendal gjin betelopdrachten. De bank ûndersiket oft wat tsjin sokke praktiken dien wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)