Oplichter misbrûkt namme salon

05 jul 2006 - 23:39

Schoonheidssalon Aphrodite yn de Harkema wurdt misbrûkt troch oplichters. Minsken wurde belle oer in koartingskaart fan de salon. Dan moatte se 34,50 euro stoarte op in bankrekken. Mar de kaart bestiet hielendal net.

De salon hat al ferskate meldings krigen fan dupearren. De salon hat oanjefte dien by de plysje. It is net bekind oft der minsken binne dy't ek al jild oermakke ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)