Oplichter bestelt limûsine

20 aug 2011 - 14:46

De plysje hat in 30-jierrige man út Strobos oanhâlden foar oplichting. De man bestelde út in kafee yn Bûtenpost wei in limûsine. Hy sei dat hy in sjonger út in koar wie dat nei Grins moast. De man bestelde ek in soad drank dat mei moast yn de taksy.

Doe't de limûsine der wie woe de man it kafee ferlitte sûnder te beteljen. Ek woe hy de limûsine net mear brûke. Dat betsjutte in kostepost fan 1500 euro foar it taksybedriuw. De plysje waard derby helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)