Oplichter aktyf yn Drylts

19 jul 2011 - 10:33

In 83-jierrige ynwenner fan Drylts is moandei slachtoffer wurden fan in oplichter. In ûnbekende man belle middeis by him oan en rûn sa de keamer yn mei in pear jassen. De man kaam sa yntimidearjend oer dat it slachtoffer net oars koe as te beteljen foar de jassen.

De oplichter naaide dêrnei út. De man warskôge in famyljelid, dy't de plysje ynskeakele. In burgernetaksje smiet neat op. De plysje warskôget minsken foar dizze praktiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)