Oplichter (25) oanhâlden

15 jul 2004 - 11:49

De plysje hat in 25-jierrige ynwenner fan Bitgummole oanhâlden foar oplichting. De man soe by inkelde tsientallen minsken yn Dronryp, Ljouwert en Menaam oanbelle ha mei it ferhaal dat er sûnder benzine stie.

Hy frege dan oan de bewenners oft er belje mocht. Om't er noait ien oan de telefoan krige, frege er oft er 5 oant 15 euro liene koe. Dat jild soe er dan de oare deis werom bringe, mar dat die er net. Acht minsken ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)