Oplagesifers kranten wer sakke

05 okt 2004 - 15:30

De oplagesifers fan 'e Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd binne op 'e nij ôfnommen. Dat docht bliken út sifers fan Cebuco. By de Ljouwerter Krante is de oplage yn it twadde fearnsjier mei 0,8 persint ôfnommen oant 110.803 eksimplaren. De ôfname jildt net foar de sneonskrante.

By it Friesch Dagblad is de oplage mei 2,7 persint ôfnommen. De sifers litte sjen dat kranten it dreech ha trochdat minsken it abonnemint opsizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)