Opkreasbeurt Koepelbosk

12 des 2011 - 19:36

It Koepelbosk en de Hertekamp yn Aldeberkeap krije in flinke opkreasbeurt. Dêrfoar stelt de provinsje hast 79.000 euro beskikber. Besteande fyts- en kuierpaden wurde oanpakt. Der wurde boppedat nije paden ûntwikkele en besteande foarsjennings sille ferbettere en útwreide wurde. Der wurdt ek sjoen hoe't de foarsjennings better opelkoar oansluten wurde kinne.

It Koepelbosk leit oan de súdkant fan Aldeberkeap. De bosk is yn 1825 oanlein. Njonken de bosk leit de Hertekamp. Dêr rinne herten, skiep en geiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)