Opkomstsifers om 17 oere

07 mrt 2006 - 21:40

De opkomst by de ferkiezings yn Fryslân lei tiisdei om fiif oere om de 30%. Utsjitters wiene der yn Harns dêr't by it stimburo yn de Spiker al 47 persint te stimmen west hie, en op it stimburo yn de rooms-katolike skoalle wie der om healwei fiven in opkomst fan 40 persint.

Ljouwert hie in opkomst fan 29,8%, Achtkarspelen hie 34%. Mar Skiermûnts- each is koprinner bleaun, om't dêr de opkomst al om 12 oere om de 40% lei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)