Opkomst ynintsjen falt ôf

04 mrt 2009 - 16:08
  • De mailaksje hat net folle effekt

Fan de oant no ta oproppen famkes yn Fryslân foar de yninting tsjin baarmoederhalskanker is 55 persint ferskynd. De ynintingskampanje is moandei yn Boalsert begûn. Fierder is der prikt yn Makkum, De Jouwer, Balk en Drylts. Mei-inoar soene in lytse 2000 famkes yninte wurde, mar 1088 famkes ha de prik ek yndied helle.

De lêste dagen is in e-mailaksje op gong kommen tsjin it ynintsjen om't net genôch ûndersyk nei it faksin dien wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)