Opkomst yninting falt ôf

04 mrt 2009 - 21:37

De opkomst fan famkes dy't yninten wurde tsjin baarmoederhalskanker falt ôf. De GGD hie ferwachte dat 80% fan alle famkes tusken de 13 en 16 jier harren ynintsje litte soene. Woansdei wiene dat der 62%. Oarsaak is in emailaksje fan tsjinstanners.

Dy stelle dat it faksin gefaarlik is. Guon âlders diele flyers út mei dêrop de warskôgings. In dosint soarch fan it Bogerman College yn Snits soe ek flyers útdield ha oan learlingen, sa seit in wurdfierder fan de GGD

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)