Opkomst SWF falt bot ôf

24 nov 2010 - 16:18

De opkomstsifers by de ferkiezings yn de Súdwesthoeke rinne fier achter by de prognoazes. Om 15.00 oere stie it opkomstpersintaazje op 22,5 prosint en yn de prognoazes soe dat oantal om 12.00 oere al helle wêze moatten.

Ut in enkête kaam in prognoaze fan 80 prosint, mar dat is te heech rûsd, sa't it no liket. De hope is no dat úteinlik sa'n 60 prosint fan de ynwenners fan de eardere fiif gemeenten stimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)