Opkomst SWF dramatysk

24 nov 2010 - 20:27

De opkomst by de riedsferkiezings yn Súdwest Fryslân is dramatysk leech. Om acht oere woansdeitejûn lei de gemiddelde opkomst op 45 prosint. Hope waard dat de 50 prosint noch helle wurde soe, mar by it sluten fan de stimbus wie de opkomst 48,7 prosint. Der wie rekken holden mei in folle hegere opkomst.

Sawol yn stêden as op it plattelân binne der útsjitters nei boppen, mar op bygelyks stimburo's yn Snits wie de opkomst leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)