Opkomst referindum oer de 50%

30 jan 2013 - 19:05
  • Ek de stimburo's op de doarpen bliuwe

De opkomst by it referindum oer de takomst fan Ljouwerteradiel siet om 19.00 oere op 50,3%. Ynwenners fan de gemeente meie oanjaan oft se foar in fúzje mei Ljouwert binne of dat se by Harns, Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel moatte.

De gemeenteried hat earder besletten dat foar in jildich referindum 60 persint fan de kiezers syn stim útbringe moat. Men kin oant 21.00 oere stimme en de útslach wurdt in oere letter ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)