Opkomst leger as 4 jier lyn

07 mrt 2007 - 23:38

Yn Fryslân binne minder minsken nei de stimbus gien foar de provinsjale ferkiezings as fjouwer jier lyn. De opkomst wie no 55,1%. Dat is 2,7% minder as yn 2003. De opkomst yn Fryslân is noch wol altyd heger as it lanlike trochsneed, mar dúdlik leger as yn 2003.

De opkomst wie op Skiermûntseach noch it heechste mei 66,8 %, mar ek dêr sakke de opkomst mei 2,2 %. Yn Ljouwert wie de opkomst mar 46,3 %.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)