Opkomst Fryslân: 59,6 %

04 mrt 2010 - 07:19
  • Trouwe stimbusgongers op Skiermûntseach

Yn Fryslân hat woansdei 59,6% fan de minsken syn stim útbrocht. Dat is seis persint heger as it lanlik gemiddelde.

Tradisjoneel waard op de waadeilannen it heechste opkomstpersintaazje helle. Skiermûntseach wie selfs lanlik de gemeente mei de measte stimmers: 81,8. Op it Amelân gie 80 persint fan de minsken nei de stimbus. Yn Ljouwert rûnen de kiezers it minst waarm foar in kuier nei de stimbus: 49,4 persint die dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)