Opknapte Rengerspôle iepene

29 mrt 2008 - 10:12

It Marrekrite-eilân de Rengerspôle by de Alde Feanen is freed nei in opknapbeurt fan 2,5 miljoen euro wer iepene. Der binne nije oanlisplakken, in kuierpaad en in fûgelsjochhutte oanlein en it eilân is ek better beskerme tsjin ôfslach. En dat alles is binnen it budzjet bleaun.

Wol is der noch in skeel oer de brûkte kwaliteit fan de materialen, mar neffens de Marrekrite komme se dêr wol út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)