Opknapte klok Oerterp nei ien dei stikken

21 nov 2014 - 14:37
  • De stikkene klok yn Oerterp

De opknapte klok yn Oerterp hat it in dei folhâlden. In frachtwein hat de klok freedtemoarn stikken riden. De konstruksje stiet der al 14 jier. Nei't it doarp de klok earder dit jier fan de eardere eigener de Rabobank krigen hie, waard de klok opknapt. Dizze wike kaam de klok werom. Tongersdei ried der al in buske tsjin oan, mar doe wie der gjin skea. Freedtemoarn wie in oar ferhaal: in frachtwein ried de klok hielendal stikken.

Ek de izeren draachkonstruksje rekke skansearre. Pleatslik belang en de ûndernimmersferiening wolle de klok wer meitsje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)