Opknapte fearboat Sier fart meikoarten wer

13 apr 2015 - 11:58
  • De Sier fart tusken Holwert en It Amelân

De fernijde fearboat Sier fan rederij Wagenborg wurdt freed wer yn gebrûk naam. De fearboat fan rederij Wagenborg is foar 4 miljoen euro renovearre. De salons binne fernijd en de fearboat is technysk wer hielendal by. De opknapbeurt hat mear as trije moanne duorre.

De nije Sier soe earst begjin april yn gebrûk naam wurde. Dat is letter wurden om't it skip noch net hielendal klear wie. De Sier fart sûnt 1995 tusken Holwert en It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)