Opknapplan foar De Gordyk

04 feb 2009 - 07:34

Opsterlân wol ek it lêste stik fan it winkelsintrum fan De Gordyk opknappe. De gemeente wol yn it gebiet Hofland/Lijnbaan in tal nije gebouwen delsette, mei dêryn romte foar wenjen, winkels en parkearen. Ek komt der mooglik in kulturiel sintrum yn.

Om it plan útfiere te kinnen moat der in supermerk ferpleatst wurde. Ek moat it âlde PTT-gebou ferdwine. It plan waard tiisdeitejûn presintearre oan de ynwenners fan De Gordyk. De rie fan Opsterlân moat der noch oer beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)