Opknappen rêdingsboat djoerder

29 mrt 2012 - 15:54
  • Rêdingsboat Brandaris
  • Rêdingsboat Brandaris 2

De restauraasje fan de âld-rêdingsboat fan Skylge kostet goed 20 tûzen euro mear as earst tocht waard. De âld-rêdingsboat, de Brandaris, is lang brûkt as jacht mar wurdt no wer yn âlde eare wersteld. Tusken 1923 en 1960 waard mei de motorboat it libben fan mear as 500 minsken rêden.

By it ombouwen fan it âlde jacht kamen ekstra kosten oan it ljocht. De inisjatyfnimmers hoopje dat sponsors it finansjele gat tichtsje kinne. Oars moatte oanpassings dien wurde yn it restauraasjeplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)