Opknappen haven Flylân letter

13 apr 2008 - 14:33

De opknapbeurt fan de jachthaven fan Flylân rint wiken fertraging op. De haven soe 26 april wer iepen, mar dat wurdt net helle. Mooglik is de haven net earder as begjin juny beskikber.

Dat betsjut in skeapost fan 60.000 oant 70.000 euro, want ek yn de drokke maaiefakânsje moat de haven tichtbliuwe. Gewoanwei is der op Flylân plak foar 300 boaten. De fertraging begûn mei de spoarweistaking yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)