Opknappen Damwâld komt tichterby

26 mrt 2006 - 13:35

De opknapbeurt fan it sintrum fan Damwâld komt tiisdei oer in wike wer in stap tichterby. De gemeenteried fan Dantumadiel stelt dan de struktuerfisy foar Damwâld fêst. Oer de opknapbeurt wurdt al jierren praat.

It giet ûnder oare om de werynrjochting fan de foarwei en it feroarjen fan it plein by it gemeentehûs. Doel is dat it doarp mear in echt hert krijt. Letter dit jier komt it gemeentebestjoer mei konkrete plannen foar de opknapbeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)