Opknappen brêge Molkwar djoerder

16 nov 2005 - 15:18

De restauraasje fan de brêge by de herfoarme tsjerke yn Molkwar falt hast 10.000 euro djoerder út.

De gemeente Nijefurd hie 18.000 euro útlutsen foar de renovaasje fan de brêge. Doe't de wurksumheden begûnen, is it wetterpeil ferlege. Doe die bliken dat it mitselwurk fan de brêge der minder oan ta wie as ferwachte. Nijefurd hat dêrom ekstra jild beskikber steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)