Opknapjild pleatsen net opbrûkt

09 des 2003 - 00:00

Provinsjale subsydzjeregelingen om pleatsen op te knappen wurde net of amper oansprutsen. Dat sei deputearre Mulder moandei by it offisjele ôfsluten fan 'It jier fan de buorkerij'.

De regels om subsydzje te krijen, moatte folle better nei bûten brocht wurde. Fierder is de prosedueretiid fierste lang. Dy wurdt werombrocht nei acht wike. Yn it potsje sit 165.000 euro en dat wachtet op oanfragen foar pleatsen yn de SW-hoeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)