Opknapbeurt WoonFriesland

28 jan 2011 - 14:32

WoonFriesland wol in soad jild stekke yn 'e kwaliteit fan 'e wenten. Fan 2011 oant en mei 2015 wurdt 244 miljoen euro stutsen yn renovaasje en ferbettering. De huzen moatte suniger mei enerzjy wurde. Tagelyk wol de wenningkorporaasje se betelber hâlde.

De korporaasje hat de bedriuwskosten de lêste jierren fermindere. Sa binne der no sechstich meiwurkers minder as earder. It binne der no 280. Dêrnjonken docht WoonFriesland oan minder projekten mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)