Opknapbeurt Van Harinxmakanaal

08 jan 2014 - 11:39
  • It Van Harinxmakanaal by Ljouwert

De skippen yn it Van Harinxmakanaal wurde hieltyd grutter, mar der komme net echt mear. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan deputearre steaten. De steaten hiene om it ûndersyk frege om't se graach witte wolle yn hoefier't it nedich is om it kanaal op te knappen. Op basis fan de analyze komme der fjouwer farianten foar in oanpak fan it kanaal. In folsleine opknapbeurt kostet 105 miljoen euro, in lytse opknapbeurt kin al foar 12,7 miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)