Opknapbeurt terminal Holwert

29 nov 2011 - 11:17

Yn Holwert is tiisdei de earste peal slein foar de útwreiding fan de passazjiersterminal fan Wagenborg. Nei in enkête ûnder passazjiers en besikers die bliken dat dy ferlet ha fan mear wachtromte. Wagenborg pakt dy no oan en der komt ek in winkel.

It wurk kostet sa'n 750.000 euro. Doel is dat it foar de start fan it toeristeseizoen yn april klear is. De terminal fan Wagenborg yn Lauwerseach wurdt ek oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)