Opknapbeurt sintrum Snits klear

16 jul 2015 - 18:50

It sintrum fan Snits is wer berikber. Der lizze rotondes yn de Ljouwerterdyk, der is asfalteard en de stopljochten op de 2e Oosterkade binne ferfongen troch in rotonde. It ferkear moat him no mar rêde. Shared space wurdt dat neamd: alles troch elkoar hinne en gjin regels. Op de rotonde binne de kontoeren fan de eartiidske Easter Stêdspoarte yn de stiennen oanbrocht. Twa lantearnpeallen markearje de eardere trochgong fan de poarte.

Der is goed seis moanne oan wurke, mar eltsenien is tefreden, ek de omwenners. Nei de simmer wurdt der ek noch in steiger foar ynvaliden oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)