Opknapbeurt sintrum Kollum

22 nov 2011 - 16:47

Yn it sintrum Kollum is tiisdei begûn mei de bou fan trije nije winkels, wêrûnder in festiging fan Scapino. Dat is oan de Meester Andreaestrjitte, tusken de Foarstrjitte en de Poiesz-supermerk. Op dat plak stean no noch in wenhûs en wat oare âlde gebouwen. De sloop dêrfan begjint oer twa wiken. Njonken de Scapino komme der noch twa nije winkels. Yn de iene komt de slachterij fan Notenbomer, foar de oare is noch gjin gadingmakker.

De gemeente neamt it projekt 'in flinke opwurdearring foar it sintrum'. Takom jier augustus moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)