Opknapbeurt omjouwing bank

22 maaie 2002 - 00:00

De omjouwing fan de Friesland Bank oan it Saailân yn Ljouwert wurdt opknapt. By de bank wurdt op dit stuit nijboud. Doel is de omjouwing op deselde wize yn te rjochtsjen as it Beursplein en de Wurdumerdyk. Der komt ûnder oare in terras by de iepenbiere biblioteek.

De kosten, 540.000 euro, wurde earst betelle troch de Friesland Bank. Ljouwert betellet sawat de helte werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)