Opknapbeurt monuminten

11 apr 2011 - 23:00

Alle monuminten yn Ljouwert krije in opknapbeurt. It giet mei-inoar om 118 keunstwurken. Goed de helte fan de Ljouwerter monuminten is ta oan grut ûnderhâld. It giet dan ûnder oare om de Alvestêderider, it Joadsk monumint en it Yndiëmonumint yn it Rengerspark.

De oarlochsmonuminten wurde as earste oanpakt. Dy moatte klear wêze foar de kommende betinkings. It wurk is moandei úteinset en sil de kommende jierren ôfmakke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)