Opknapbeurt Midstrjitte begûn

29 sep 2003 - 00:00

Op de Jouwer is moandei de renovaasje fan de Midstrjitte út ein set. De winkelstrjitte kriget nije stiennen, lampen, meubilêr en beammen. It wurk soe ferline jier al begjinne, mar waard doe útsteld om't der noch subsydzje oanfrêge wurde moast by de provinsje.

Dizze simmer wie der wer útstel fanwege de Jouster Merke en it 250-jierrich bestean fan kofjebaarnder Douwe Egberts. Foar de boufak fan takom jier moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)