Opknapbeurt foar winkelsintrum

24 okt 2007 - 22:09

It winkelsintrum fan Bûtenpost krijt in grutte opknapbeurt. De gemeente Achtkarspelen stekt mear as in heal miljoen euro yn it ferbetterjen fan benammen de Tjerkstrjitte. Dy leit der fertutearze by. Doel is om mear minsken nei de winkels te lûken.

Der komme oare strjitstiennen, lampen, lytse beamkes en nije bankjes. Ek komt der mear romte foar kuierders en fytsers. Auto's bliuwe wolkom yn it sintrum fan it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)