Opknapbeurt foar Wâldsein

04 mrt 2013 - 16:23

In gruttere passantehaven mei in nij havengebou, in fernijd plein mei terrassen en in evenemintepoadium. Dat binne inkele ûnderdielen út de plannen om mear toeristen nei Wâldsein te lûken. Dy waarden moandei presintearre. It doel is om jierliks 30.000 oernachtings derby te krijen. De rekreaasjekommisje hat dêr subsydzje fan de gemeente foar en yn de mande mei Doarpsbelang dy't it masterplan foar Wâldsein útfiere wol, moatte yn 2015 al mear minsken nei it doarp komme. Dat soe hast 800.000 oan ynkomsten foar middenstân en hoareka betsjutte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)